Tseard de Graaf
Oerset troch Jurjen van der Kooi
Tseard de Graaf is berne op 27 jannewaris 1938 yn Ljouwert, de haadstêd fan de Nederlânske provinsje Fryslân, de grutste regio oan de kusten fan de Noardsee dêr’t it Frysk, in Westgermaanske taal mei as neiste sibbe it Ingelsk, sprutsen wurdt.
Tseard syn âlden wiene beide Fries en thús waard allinne Frysk praat. Syn earste taal wie dan ek it Frysk; op skoalle learde er it Nederlânsk, de offisjele taal fan Nederlân.
It Frysk waard doe noch net op skoalle jûn en de bern moasten dêr Nederlânsk leare. Troch it neistinoar fan it Frysk thús en it Nederlânsk op skoalle kaam Tseard foar it earst yn ’e kunde mei de fassinearjende wrâld fan ûnderskate talen. Foar Tseard hie it ûnderskie tusken dy twa talen ek in besûnder romtlik aspekt. As hy en de oare bern út syn buert de moarns nei skoalle ta gyngen moasten se oer it spoar. Wiene se dêr oer, dan giene se fan it Frysk oer op it Nederlânsk, de taal fan de skoalle.
18 Jier âld wie er, doe’t er yn 1956 eineksamen middelbere skoalle die en hy krige niget oan talen. Syn oare grutte leafdes wiene natuer- en stjerrekunde. It âldste planetarium fan de wrâld is yn Frjentsjer, de âlde akademystêd fan Fryslân. Yn ’e besnijing fan de wetten dy’t tiid en romte regeare, studearre Tseard fan 1956 oant 1963 natuerkunde oan de Universiteit fan Grins. Yn dat lêste jier die er doktoraal eksamen teoretyske natuerkunde, in kombinaasje fan natuerkunde, wiskunde en stjerrekunde en dêrnei wie er oant 1969 ûndersykmeiwurker oan it Ynstitút foar Teoretyske Natuerkunde fan de Grinzer universiteit.
Tseard wie doe al in ‘polyglot’. Hy spruts net allinne Frysk en Nederlânsk, mar ek Dútsk, Ingelsk en Frânsk. Oare talen soene folgje. Yn de Sowjet Uny stie de stúdzje fan de astronomy doe op in superieur nivo. Tseard seach dat en learde it Russysk en oare Eastjeropeeske talen om’t dy it paad nei nij ynsjoch yn dy fjilden fan wittenskip iepenleinen. Neist syn stúdzje fan de teoretyske natuerkunde folge er kolleezjes yn de Slavyske talen. Hy wie fassinearre troch de nije technologyen en har tapassingsmooglikheden foar takomstich ûndersyk en yn 1967 die er kandidaatseksamen Slavyske talen en kompjutertaalkunde. Yntysken wie er nei syn doktoraal natuerkunde trochgien mei syn ûndersyk yn de teoretyske natuerkunde, dat er kombinearre mei in heal jier stúdzje yn Poalen, dêr’t er ek it Poalsk by learde.
Yn 1969 wie er klear mei syn dissertaasje, titele: “Aspects of Neutrino Astrophysics”.
It titelblêd fan Tseard syn dissertaasje teoretyske natuerkunde út 1969
Syn ûndwêstbere toarst nei witten brocht Tseard nei Ingelân, dêr’t er mei frou en bern fan 1970 oant 1971 in jier tabrocht en dêr’t er wurke as ûndersiker oan it Ynstitút foar Teoretyske Natuerkunde fan de Universiteit fan Cambridge.
Werom yn Grins waard Tseard universitêr meiwurker natuerkunde oan it Ynstitút foar Astronomy. Oant 1975. Dat jier waard in kearpunt yn syn wittenskiplike karriêre om’t er besleat de wei fan syn twadde grutte leafde te gean, dy fan de bestudearring fan talen. Ien fan de stellingen by syn dissertaasje gie oer de fraach, hoe krekt of immens identiteit definiearre wurde kin troch syn of har taal. Dy stelling kin sjoen wurde as in symboalyske paadwizer nei syn lettere wei yn de taalkunde, dy’t him liede soe nei de stúdzje fan aspekten fan de sprutsen taal, nei de fonetyk.
Yn 1975 waard Tseard meiwurker oan it Ynstitút foar Fonetyk fan de Literêre Fakulteit fan de Grinzer universiteit.
Om’t er fan jongs ôf oan twatalich wie (Frysk-Nederlânsk) hie Tseard in skerp each foar de ûntelbere fonetyske ferskillen tusken dy talen. En om’t er oare talen bestudearre hie, wist er hoe wichtich fonetyske beskriuwingen binne, net allinne foar de teoretyske taalkunde, mar likegoed ek foar it learen fan en it lesjaan yn frjemde talen.
It neistinoar fan talen en taalferoaring soene oare swiertepunten fan syn ûndersyk wurde. Rûnom yn ’e wrâld binne minsken twa- of sels meartalich. Der is taalfariaasje yn romte èn yn tiid. Harket men nei radioprogramma’s of tillevyzje-útstjoerings fan tsien of twintich jier lyn, dan heart men in oare sprektaal as at no gongber is. It is noch altiten deselde taal en itselde plak, en dochs is de taal net mear gelyk. Net allinne it leksikon fan in taal feroaret, mar ek minskene wize fan sprekken, de útspraak en de yntonaasje, in útsûnderlik nijsgjirrich ûnderwerp foar immen dy’t niget hat oan talen en har fariabiliteit.
Tseard begûn mei in syktocht nei de âldste registraasjes op lûddragers fan sprutsen taal. Hy analysearre materiaal net allinne út Westerlauwersk mar ek út Noard- en Eastfryslân. Sokke registraasjes fan eardere sprutsen taal binne net allinne wichtich histoarysk erfguod, mar se jouwe ek weardefolle ynformaasje oangeande taalferoaringsprosessen. In praktysk probleem by dy âldste lûdregistraasjes is dat se makke binne op waakssilinders en dat de kwaliteit hurd ôfnimt elke kear as se beharke wurde. Tseard seach yn dat it fan it grutste belang is en bring dizze registraasjes oer op moderne lûddragers, sadat se bewarre bliuwe. Yn it begjin fan de jierren 90 begûn Tseard mei kollega’s út Japan in ûndersyk nei de mooglikheden dêrta. Yn dy tiid makke er him noch in taal eigen, it Japansk, dat er floeiend sprekken learde.
Dostları ilə paylaş: |