Title of the article


Results 3.1.Identification



Yüklə 3,17 Mb.
səhifə7/92
tarix02.01.2022
ölçüsü3,17 Mb.
#2212
1   2   3   4   5   6   7   8   9   10   ...   92
Tseard oan ’e skrep mei waakssilinders mei âlder Nederlânsk
Tseard socht kontakt mei de wichtichste lûdargiven yn de wrâld, dy yn Wenen, Berlyn en Sint Petersboarch. Troch syn oparbeidzjen yn de 90er jierren mei it lûdargyf fan de Akademy fan Wittenskippen yn dy lêste stêd luts er op ’en nij de relaasjes oan mei Ruslân, dy’t yn de 60er jierren begûn wiene mei syn bestudearring fan de Slavyske talen.

Sûnt 1990 is wrâld dramatysk feroare. It Izeren Gerdyn is der net mear en Ruslân hat opnij syn ‘Finster op it Westen’ iepenset. Doe’t Tseard nei 1990 weromkaam yn Sint Petersboarch rekke er daliken fassinearre troch dizze stêd dy’t er foar it earst likernôch 20 jier lyn, doe’t er noch Leningrad hiet, sjoen hie. As Fries en Nederlanner fielde er him der thús. De skildereftige kanalen en paden lâns de wide bûlevaren diene him tinke oan thús. Dat wie gjin tafal: tsaar Peter de Grutte hie sa’n 300 jier earder Hollân keazen as model foar syn nije haadstêd.

Tseard organisearre no mienskiplike projekten mei de Russyske Akademy fan Wittenskippen en de Steatsuniversiteit fan Sint Petersboarch. It doel wie âlde Russyske lûdregistraasjes te bewarjen en oer te setten op moderne digitale audio media. Undersyk nei in grutte samling fan alderhande lûdregistraasjes, resultaat fan withoe folle linguïstyske ekspedysjes fan ein 19de en út de 20ste ieu, brocht nije projekten ûnderskate yn Ruslân spruten talen oanbelangjende op ’e gleed.

Sels sette er útein mei ûndersyk nei de taal fan de Sibearyske Mennoniten, dêr’t it komôf fan socht wurde moat yn noardlik Nederlân en Dútslân en dy’t noch altiten de taal fan de foarâlden sprekke – feitliken in taal dy’t gâns hat fan de dialekten fan it hjoeddeiske Noard-Dútslân en de noardlike parten fan Nederlân. De Nederlânske parse kaam sels mei de kop “Sibeariërs sprekke Grinzers”.

Talen skiede net allinne folken en naasjes, se bouwe der ek brêgen tusken. Tseard liet ek dat mei syn ûndersyk sjen. Sels yn it fiere Sibearje wenje minsken dy’t likernôch deselde taal hawwe as de minsken yn Grinslân. By it plannen fan syn ekspedysjes tocht Tseard net allinne oan de wittenskip, mar ek om de minsken: hy organisearre ek humanitêre help út Grins wei foar de doarpen dy’t er yn Sibearje oandie.

Taal as kultureel erfskip waard de kearn fan syn linguïstyske aktiviteiten. Troch syn twatalich komôf koe er in treflik foarbyld jaan. Syn hiele libben hat er sjen litten dat elk yndividu bydrage kin oan it oerlibjen fan in taal. Mei syn frou Nynke, dy’t er met hie yn syn studintetiid en dêr’t er lang allinne Nederlânsk mei praat hie, praatte er no ôf om oer te stappen op it Frysk. Nynke is sels in Friesinne en nei de dea fan har âlden murken hja sels hoe't in taal stadichoan út begjint te stjerren as de bern him net fierder trochjouwe.

Dy taalhâlding waard de rjochtline foar Tseard syn opienfolgjende ûndersykaktiviteiten yn Ruslân. De projekten dy’t er fan dat stuit ôf oan koördinearre krigen twa doelstellings: bedrige talen net allinne dokumintearje, mar ek revitalisearje en yn stân hâlde foar kommende generaasjes. Tseard die mei oan ferskate ekspedysjes, ûnder oaren nei Yakutia en it eilân Sakhalin, wêr’t er mei oare linguïsten de talen fan de lokale folken fêstlei.

Tseard de Graaf mei sprekkers fan talen fan it eilân Sakhalin yn it fiere easten fan Ruslân: Uiltas en Nivkhs (jierren 90)
Yn de twadde helte fan de 90er jierren koördinearre Tseard ûnderskate projekten mei ynstituten rûnom yn de Russyske Federaasje, foar de finansearring soargen Nederlânske wittenskiplike organisaasjes en de INTAS fan de EU.

Alderearsten woe er jonge minsken bybringe dat harren taal in unyk erfskip is en dat hja minderheids- en regionale talen stypje moatte. Yn 1998 waard Tseard beneamd ta ridder yn de oarder fan de Nederlânske liuw fanwegens syn ûndersyk nei en krewearjen foar it behâld fan en it opsetten fan databanken foar de minderheidstalen yn Ruslân. Letter datselde jiers krige er in earedoktoraat fan de Universiteit fan Sint Petersboarch foar syn bydragen oan de mienskiplike taalbehâldprojekten.



Tseard de Graaf earedoktor oan de Universiteit fan Sint Petersboarch, novimber 1998.
Tseard moast yn 2003 mei pinsjoen en syn plak as koördinator fan de ôfdieling 'Klanklear' (Fonology en Fonetyk) fan it CLGC (Center of Language and Cognition Groningen) fan de Grinzer Universiteit opjaan. Ta dy gelegenheid ha syn kollega's dizze earebondel mei in ferskaat oan bydragen oer ûndersyk yn de grinsgebieten fan fonology en fonetyk gearstald.

Lykwols, it is gjin ôfskie fan ús eardere koördinator. Tseard syn pasjonearre belutsenens by talen en linguïstyske projekten is bleaun. Sûnt syn pinsjoen is er aktyf as honorêr meiwurker fan de Fryske Akademy yn Ljouwert en ek it kontakt mei de Universiteit fan Sint Petersboarch oer ûndersyksprojekten dy't op kommende wei binne is bleaun. Dat betsjut dat Tseard neist syn rol as pake foar syn fiif pakesizzers noch genôch te dwaan hat. Syn entûsjasme is in oantrún foar (kommende) ûndersikers om fierder te gean mei it ûndersyk dat hy op priemmen set hat.




Yüklə 3,17 Mb.

Dostları ilə paylaş:
1   2   3   4   5   6   7   8   9   10   ...   92




Verilənlər bazası müəlliflik hüququ ilə müdafiə olunur ©azkurs.org 2024
rəhbərliyinə müraciət

gir | qeydiyyatdan keç
    Ana səhifə


yükləyin